Wyn sit Solar-race dwers

09 jul 2012 - 16:05

De earste etappe fan de Solar Challenge Race is moandei einige yn Wâldsein yn stee fan yn Sleat. De organisaasje hat de finish nei foaren helle, omdat it te hurd waaide om de Sleattemermar oer te gean. Foar de sinneboaten is wynkrêft 4 wol it maksimum en der stie moandei wynkrêft 5 oant 6 op de mar. De kâns op ûngelokken en skea wie te grut.

Alle boaten binne yn Wâldsein op de auto's laden en nei de camping yn Sleat brocht. Dêr giet de race tiisdei wer fierder foar de etappe fan Sleat nei Boalsert.

De sinneboatrace duorret seis dagen en einiget sneon yn Ljouwert. De dielnimmers komme út ûnder oaren Nederlân, Turkije, Brazilë, Sina, België en Poalen.

(advertinsje)