Dammers stride om Nederlânsk kampioenskip FRYSK!

Foar de fiifde kear is dizze sneon it offisjele Nederlânsk kampioenskip FRYSK! Yn Tresoar yn Ljouwert spylje spilers it Frysk damspul, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dizze fariant is spesjaal ûntwurpen om de drompel foar it komplekse Frysk damjen te ferleegjen.
Dammers stride om Nederlânsk kampioenskip FRYSK!
Yn 'e fariant FRYSK! binne de ôfrûne moannen al fjouwer toernoaien op ynternet holden, mei mear dielnimmers fan bûten Fryslân en sels bûten Nederlân as út Fryslân.
Ek binne der nasjonale kampioenskippen holden yn Tsjechië en Italië. Yn Tsjechië waard Petra Du ková kampioen en yn Italië de talintfolle jeugdspiler Andrea Peirano. Se binne dêrmei kandidaat foar it fiifde offisjele wrâldkampioenskip FRYSK!, dat takom jier maart yn Frjentsjer is.
De Nederlânsk kampioen fan dizze wedstriid yn Tresoar wurdt de tredde kandidaat. De fjirde kandidaat wurdt de winner fan it ynternettoernoai yn jannewaris, dêr't allinnich de bêste tolve spilers fan eardere digitale toernoaien oan meidwaan meie.
De oare kandidaten krije de gelegenheid om har te pleatsen yn de tinksportwike fan it Fryslân Iepen fan 4 oant en mei 7 maart 2020.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma