Eigener kafee It Houtsje oandien troch stellerij fan tegelwurk

28 des 2019 - 13:47

Yn kafee It Houtsje op It Hearrenfean is freedtejûn in bysûnder tegelwurk stellen. Dat skriuwt eigener Tom Mulder op Facebook.

Foto: Google Street View

It giet om in wurk dat mei de hân skildere is yn opdracht fan de famylje fan Ard en Keessie. Mulder krige it stik fan Ard Schenk yn 2009 doe't kafee It Houtsje folslein ôfbaarnde.

Op in foto steane de dieders ûnwerkenber mei de list sichtber ûnder de jas. Mulder hopet sa de dieders te finen. As der gjin reaksje komt, driget hy de foto's mei de gesichten te publisearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)