Fryske studinten yn Frjentsjer foar 87ste krystkongres

De Federaasje fan Fryske studinteferieningen hat dit jier foar de 87ste kear it jierlikse krystkongres yn Frjentsjer. Neist serieuze saken stiet ek in bierkriich en kabaretkriich op it programma.
Fryske studinten yn Frjentsjer foar jierlikse krystkongres
De lêste jierren bestie de federaasje út noch mar twa studinteferieningen: Bernlef yn Grins en WSSFS út Wageningen. Dit jier docht Aldgillis út Delft ek wer mei oan de organisaasje. Mei tsien leden binne se wer oanwêzich. Begjin 2000 wie de feriening opdoekt om't se te min leden hienen.
It tema fan it kongres is 'warberens yn de Waadhoeke', bedriuwen fertelle wêr't se mei dwaande binne, lykas in slakkeboer.
Foarsitter Sander Postma is tefreden oer de opkomst; der binne al mear as 70 ynskriuwers en der sille noch wol in pear by komme.
As earste mochten de studinten de koartlyn renovearre Botniastins besjen. Boargemaster Marga Waanders hiet de studinten wolkom en joech de studinten fuortendaliks ek in kolleezje oer it kongrestema 'Warberens yn de Waadhoeke'. De gemeente is wiis mei de studinten en wol de stêd ek mear ferbine mei it akademysk ferline.
Ferslachjouwer Onno Falkena prate mei de studinten
© Omrop Fryslân, Onno Falkena