Súdwesthoeke: minder wetter út de kraan troch koarte stroomsteuring

By de ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân komt minder wetter út de kraan. Dat meldt wetterleveransier Vitens. Neffens it bedriuw leit de oarsaak yn in koarte stroomsteuring op de wetterwinlokaasjes Spannenburg en Aldeholtpea.
De wetterkraan © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Der binne yntusken monteurs dwaande om it probleem te ferhelpen. Vitens tinkt dat de wetterdruk oan de ein fan de middei wer gewoan is.
Neffens berjochten fan elektrisiteitsleveransier Liander hiene sa'n 20.000 húshâldens yn de súdwesthoeke fan Fryslân lêst fan de stroomsteuring.
It is net hielendal dúdlik of dy no wer hielendal foarby is.