Leafhawwers kinne hert ophelje op miniatuerebeurs

Yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert is snein foar de alfde kear de miniatuerebeurs. Ut hiel it lân litte sammelers har lytse skaalmodellen sjen, fan benammen de lânbou, mar der binne ek auto's en treinen.
© Frysk Lânboumuseum
Bysûnder dit jier binne de lânbouminiatueren fan Meis Bekkema dy't hielendal makke binne fan rustfrijstiel, op in skaal fan 1:10. Der binne sa'n 50 stiks te sjen.
"Dat is lestich materiaal om mei te wurkjen", fertelt Nelleke Meindertsma fan it Frysk Lânboumuseum. "Hy is oait begûn mei in itensiederspantsje foar syn dochter en lei him letter ta op lânboumasines. Hy wie hiel krekt yn it neimeitsjen en wurke sa'n healjier oan in miniatuer, alle details klopje."
Der is guod te sjen op ferskillende skalen. "Guon sammelje alles op skaal, oaren sammelje alles fan ien merk. It binne echt leafhawwers. Ek binne der stands mei Lego en in diorama, dat is in wrâld yn it lyts. Alles beweecht en alles draait. It is hiel moai om te sjen, echt nifelwurk."
De beurs en it museum binne snein 29 desimber iepen fan 10.00 oant 17.00 oere.