Grut part fan Fryske súdwesthoeke hie lêst fan stroomûnderbrekking
De súdwesthoeke fan Fryslân hat sneontemoarn koart in stroomûnderbrekking hân. Neffens elektrisiteitsleveransier Liander gie it om in 'spontane' steuring.
It gie om sa'n 20.000 oanslutingen. Under oare de doarpen Bakhuzen, Aldegea, Langwar, Wâldsein en Aldlemmer en de sted Starum wienen troffen.