Omrop TIP: De Fryslân DOK 'Foar ik ferjit'

Tom Giliam krige goed tsien jier ferlyn te hearren dat er Alzheimer hie. Hy wie doe 54 jier. It sette syn libben en dat fan syn frou Martine en fjouwer bern folslein op 'e kop.
Dokumintêremakker Gerard van der Veer folge de húshâlding Giliam hast in jier lang. De Fryslân DOK dokumintêre 'Foar ik ferjit' sketst in byld fan de gefolgen foar Tom, syn frou Martine en harren bern. "Doe't ik de diagnoaze hearde, fielde ik ús lokkige gesinslibben as sân troch myn fingers weiglippen," fertelt Martine.

Iensume en ûngelike striid

Dochter Janneke jout oan dat de nije situaasje ek op de bern in grutte ynfloed hie: "Wy wiene bêst iepen tsjininoar oer de sykte. Mar dochs: wy libben ek byinoar del en ferwurken de ramp dy't plakhie yn ús gesin allegearre yn ús eigen wrâld."
Prate oer syn sykte die Tom net in soad. Ut de brieven dy't er skreau oan syn famyljeleden wurdt dúdlik watfoar iensume en ûngelike striid hy fierde tsjin Alzheimer.
De Fryslân DOK 'Foar ik ferjit' is sneon 28 desimber te sjen by NPO2, om 15.30 oere (mei Nederlânske ûndertiteling). It is in werhelling fan 24 maart 2019.
Mochten jo nei it sjen fan de dokumintêre jo ferhaal kwyt wolle, dan kinne jo kontakt opnimme mei de AlzheimerTelefoon: 0800 5088 (sân dagen yn de wike fan 9.00 oant 23.00 oere berikber).