Plysje nimt yllegaal fjoerwurk yn beslach yn Ljouwert

28 des 2019 - 09:29

De plysje fan Ljouwert hat earder dizze moanne 200 kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn in loads oan de Aldebaranweg yn Ljouwert. Dêrneist waard yn in hûs yn Ljouwert nochris 2,5 kilo yn beslach naam. It fjoerwurk is yntusken ferneatige.

Foto: Wikimedia Commons

De fynst waard dien nei oanlieding fan tips en fan eigen ûndersyk fan de plysje.

Der binne trije fertochten, twa manlju fan 29 en 31 en in frou fan 27. Tsjin har is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)