Boer Teun de Jong: "ME besocht de boeren te provosearjen"

28 des 2019 - 09:26

Boeren binne net bliid mei útspraken fan offisier fan justysje Linda Bregman. Dy seit yn personielsblêd Opportuun dat it de plysje net slagge is om trekkers fan de sneldiken te hâlden. It wie neffens har net hâlden. Neffens boer Teun de Jong fan Sint-Anne hat de ME besocht om de boeren op it Malieveld yn Den Haag te provosearjen.

Foto: ProNews

Teun de Jong

De analyze fan Bregman dat der in driigjende en yntimidearjende sfear wie dielt De Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond net. "It wie earder oarsom. Omdat de ME neat te dwaan hie, liet de ME mei opset diere-aktivisten ta om te demonstrearjen tusken de boeren op it Malieveld. Mei de doelstelling om wat rottichheid te krijen sadat se yngripe koenen, omdat se dêr mar de hiele dei wat omhongen. Mar de boeren binne net op dy provokaasje yngien."

Drank

Der soe ek sprake west ha fan drankmisbrûk. "Yn it stik wurdt beskreaun oft it om in dronken soadsje gie, dat wie absolút net oan de hân. Foar myn gefoel is it 'zeer ordelijk' ferrûn. De oerheden wienen ferrast troch de massaliteit. Der mochten mar 75 trekkers op it Malieveld, mar der kamen wol mear as twatûzen yn de stêd en ek it strân fan Scheveningen stie fol. Se wienen oerweldige troch al dy trekkers."

Neffens him hat de plysje dêr goed op reagearre troch al dy trekkers gean te litten. "As se oars op allerhanne plakken yn de stêd stean moasten, hie de hiele stêd op slot kaam. It wie ferstannich en taktfol om de minsken byinoar op it Malieveld te bringen. Dêr wie ek in manifestaasje mei tal fan sprekkers en de catering wie goed regele. Der wie gjin drip alkohol te krijen. Der binne altyd útsûnderingen, dat in pear jongelju nei in supermerk gienen om wat bier te heljen, mar dat gebeurt yn it normale libben ek."

Agractie, de organisator fan de earste grutte boere-demonstraasje op it Malieveld yn Den Haag, stelt dat de ynstânsjes dêr de saak sels net goed regele hienen. Sa wienen it krekt de plysjes dy't de boeren mei har trekkers de sneldiken opstjoerden. Just om oerlêst op de provinsjale diken foar te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)