Leechstân winkels yn Easterwâlde oanpakke troch nei hierprizen te sjen

28 des 2019 - 08:50

Wat kinne wy dwaan tsjin de leechstân fan winkels yn ús doarp? Dat is de grutte fraach dêr't ûndernimmers en gemeente yn Easterwâlde harren mei dwaande hâlde. De útkomsten steane yn in rapport dat dizze wike útkaam. Hoe slim is it eins mei dy leechstân?

Ien besiker komt al 20 jier yn Easterwâlde. "Ik kom hier voor mijn dagelijkse boodschappen. We zien steeds meer leegstand, steeds meer panden raken leeg en blijven leeg, dat is zonde. Het internetshoppen speelt daar vast een grote rol in. Het wordt er niet gezelliger op. Als ik een dagje ga winkelen, doe ik dat niet in Oosterwolde."

Undernimmer Henkjan van Zanten fertelt as foarbyld dat de shoarmasaak goed twa jier lyn fuortgien is en dat der neat mear foar yn it plak kaam is. "De huurprijzen zijn te hoog en daarom is er geen huurder te vinden. Voor een vastgoedeigenaar maakt één leeg pand niet uit als zijn totaalrendement maar goed is, maar wij maken ons wel druk om onze winkels." Hy wol sjen nei watfoar winkels deryn kinne soenen en wol mei de eigener om tafel. "Een oplossing zou kunnen zijn dat er een lokale ondernemer in kan."

Easterwâlde - Foto: Google Street View

"Met een leegstandsmanager en een centrummanager willen we kijken of het lukt om de huren aan te passen. Of dat de eigenaar het vastgoed wil verkopen voor een acceptabele prijs zodat we het aan lokale of regionale investeerders kunnen verkopen", follet Thomas Hof oan.

Hoe slim is de leechstân yn Easterwâlde?

(advertinsje)
(advertinsje)