Kollum: "Leafdesbrief fan Frans"

28 des 2019 - 08:22

"Wylst de krystdagen ek dit jier wer net wyt wienen, is stikem de ein fan it twadde desennium fan dizze iuw oansteande. De timeline fan de jierren nei 2000 sit stiiffol mei saken dêr't hast alles al oer skreaun is. Wie it in fleurige tiid, sa sûnder 11stêdetochten, wite krystdagen en mei de freeslike terreur fan de terroristen fan IS, de tastream fan flechtlingen, it 'doemdenken' oer de takomst fan ús prachtige en wrâldferneamde lânbou?

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

No, der ha wolris minder grutte problemen west. Yn de milenniumnacht sieten we bygelyks noch mei de fingers krúst omdat we bang makke wienen dat de digitale wrâld ynstoarte soe, witte jim it noch?

2020 is in skrikkeljier. Mar miskien wurdt it ek wol in jier dêr't we fan skrikke. Want, wat de reden dan ek west hat, Europa stiet foar grutte feroarings. Der skynt in soad ûnfrede ûnder de minsken te wêzen, oanwakkere troch de meast besmetlike sykte fan dizze tiid, de sosjale media. De meast yn it each springende saak dy't dêrút foarkaam is, sil 31 jannewaris syn beslach krije, sa't it no liket.

De Britten, ûnder oanfiering fan Boris Johnson, geane harren eigen eigenwize wei. Se ha dochs de poat stiif, de rêch rjocht en de noas yn de loft holden, nettsjinsteande de massale tsjinwurking fan alles dat Europa in waarm hert tadraacht. De grutte resinte ferkiezingsoerwinning fan Johnson joech him de stipe fan it Ingelske folk. Wisten jim trouwens dat Boris Johnson yn Amearika berne is? Mar dit geheel terzijde.

Ik bin, en mei my in hiele soad oaren, benijd hoe't it nei de Brexit gean sil. Yn 2016 skreau ik der hjir by de Omrop oer dat de doe krekt keazen Donald Trump de Britten grif mei iepen earms as grutte hannelspartner binnenhelje soe. Dat liket no ek sa te gean. Nije hannelsferdraggen lizze klear om tekene te wurden. Yn hoefier't Ingelân der yn slagget om wer âlderwetsk it ryk fan Britannia rules the Waves te wurden, moatte wy ôfwachtsje. Mar it is wol fan grut belang.

Stel no dat it in komplete mislearring wurde soe. Dat Ingelân wer werom giet nei de minne tiden fan grutte wurkleasheid, sosjale ûnfrede sa as by de de-yndustrialisaasje yn de earste jierren ûnder Margaret Thatcher? Pas nei in oantal jierren begûn har belied te wurkjen en bloeide de Britske ekonomy op. Har belied waard trouwens letter troch Labour, ûnder oanfiering fan Tony Blair, yn in lichtere foarm trochsetten. Fraach is oft Johnson safolle tiid krije sil. Yn de moderne tiid is in wike op sosjale media al hast fiif jier, sa fluch wurdt it digitale hakblok opsocht en de bile slipe.

Der bestiet ek in kâns dat it wol in sukses wurdt, dy Brexit. In gruwel yn de eagen fan de pro-Europeeske lobbyisten en de wurknimmers yn Brussel en Straatsburg. Mar de kâns is der. Wat dat betsjutte soe foar de ferbale wapens fan de anty-Europeeske politike streamings, hoech ik jim net út te lizzen. Ingelân soe dan wolris de bom ûnder it feriene Europa wurde kinne.

De earste barsten sitte al yn de skyl, Hongarije en Poalen dogge it de Brusselske magistraten net nei it sin, de ferhâlding mei Amearika is ôfhinklik fan mei hokker foet Donald Trump earst fan bêd stapt en we wurde wer âlderwetsk oerspield mei anty-Russyske sentiminten. Dêrnjonken komme Sina en Yndia as nije wrâldmachten op it toaniel. Noch ien lytse flash-back nei dy kollum fan 12-11-2016:

'Miskien moatte wy ús yn Europa mar ris ôffreegje oft wy net drok dwaande binne om ús te isolearjen fan de rest fan de wrâld yn stee fan oarsom.'

De grif goed bedoelde mar fanút syn posysje folslein absurde saneamde leafdesbrief fan eurokommissaris Frans Timmermans oan it adres fan de Britten komt wat dat oanbelanget frijwat wanhopich en amateuristysk oer. Ik tink dat se der op Downing Street smaaklik om lake ha.

Hoe dan ek: Ik winskje jim nettsjinsteande alle noch net beäntwurde fragen en útdagings dochs in prachtich 2020."

(advertinsje)
(advertinsje)