Soad fraach nei fakânsjehúskes op in fjoerwurkfrij park

28 des 2019 - 08:05

Dizze krystfakânsje is in soad fraach nei fakânsjebungalows op in 'fjoerwurkfrij' fakânsjepark. Foaral stedsbewenners mei hûnen sykje mei de jierwiksel graach de romte en de stilte op. Fryske rekreaasje-ûndernimmers spylje hjir hieltyd mear op yn troch ek te advertearjen mei it wurd 'fjoerwurkfrij' en dat docht fertuten.

By rekreaasjebedriuw 'Dreamlân' by Kollumerpomp sitte de kommende jierwiksel alle húskes fol, fertelt behearder Mettie de Vries. "Wie bij ons vuurwerk wil afsteken verwijzen wij naar de openbare weg. Bij ons op het terrein mag het niet."

Yn de húskes op de fjoerwurkfrije kamping ferbliuwe de kommende jierwiksel mei-inoar sa'n fjirtich gasten.

Behearder Mettie de Vries fan kamping Dreamlân

Kamping 'Dreamlân' by Kollumerpomp sit ek fol mei âld en nij - Foto: Omrop Fryslân

Ek de grutte kampings It Wiid by Earnewâld en de Kuilart by Koudum binne dizze krystfakânsje foar it earst offisjeel fjoerwurkfrij. Ek op dizze twa lokaasjes sitte alle 70 fakânsjehûskes fol, fertelt eigener Annelie Bleckman. "Honden zijn deze kerstvakantie voor het eerst welkom bij ons, en dat merk je meteen. Ik denk dat deze nieuwe aanpak een blijvertje wordt."

Kamping It Wiid is dizze krystfakânsje foar it earst offisjeel fjoerwurkfrij - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de gasten op kamping It Wiid is Bono, in 9-jierrige Ierske setter út Zeist. "Thuis moet ik hem echt naar buiten duwen, zo bang is ie", fertelt Bono syn baaske Sabine Geurts. "Het gaat niet alleen om oudjaar, het geknal begint al dagen eerder."

Yn Earnewâld komme hûn en baaske wer ta rêst. Eigener Bleckman heakket der oan ta dat se net prinsipieel op fjoerwurk tsjin is. "Maar ik denk dat het goed is dat er gebieden zijn zonder vuurwerk. Ons park ligt in een nationaal park en daar past de status vuurwerkvrij heel goed bij."

Bono is benaud yn syn wenplak Zeist, mar libbet wer op yn Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)