Duizend Dagen: #5 It gefoel fan feilich

27 mrt 2020 - 17:30

By it 'vreemdelingendebat' yn de Twadde Keamer yn 1992 stiene twa mannen tsjinoer elkoar. Steatssiktaris fan Justysje Aad Kosto en direkteur John van Tilborg fan stichting INLIA. Mei beide manlju sjogge wy werom. Hoe tinke se hjoed-de-dei oer tsjerke-asyl op De Rottefalle? En hoe koe it tsjerke-asyl útgroeie ta sa'n útputtingsslach? Yntusken gûnzet it op De Rottefalle, dat him tariedt op in reünytsjinst yn de tsjerke. Der is spanning: komt de Syryske famylje wol? En slagget it om 25 jier nei dato de 'sirkel rûn te meitsjen'?

Sjoernalisten Wieberen Elverdink (Leeuwarder Courant), Diane Romashuk (Friesch Dagblad) en Karen Bies (Omrop Fryslân) makken DUIZEND DAGEN, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerkeasyl fan De Rottefalle.

De podcast Duizend Dagen is te beharkjen op Spotify, Apple Podcasts en Google Podcasts.

It is in projekt fan Finster op Fryslân, makke mei stipe fan de provinsje Fryslân. Byld: Jentsje Popma.

(advertinsje)
(advertinsje)