Flyers rinne yn Den Haag tsjin earste kompetysjeferlies oan

27 des 2019 - 22:57

De UNIS Flyers ha it jier 2019 ôfsletten mei in ferlies tsjin Hijs Hokij Den Haag. Nei overtime waard it 3-2 yn Súd-Hollân. It is it earste ferlies foar de Fryske iishockeyers yn njoggen wedstriden yn de BeNe League. Se bliuwe wol koprinner.

UNIS Flyers tsjin Hijs Hokij Den Haag - Foto: Martin de Jong

Yn de earste perioade kamen beide teams net ta skoaren. Betiid yn de twadde perioade iepene Maurice van der Schuit de skoare foar de thúsploech. Koart dêrnei hiene de Flyers powerplay. Yn dy manmearsituaasje makke Lars den Edel de lykmakker. Mar oardel minút letter stie de thúsploech wer foar. Justin Evers makke de 2-1.

Fiif minuten foar de ein fan de twadde perioade kamen de Flyers wer op likense hichte. Dennis Sikma skoarde nei in assist fan Mark Hoekstra. Beide ploegen hiene yn de lêste perioade twa kear powerplay, mar alle kearen late dat net ta in treffer.

Dus stie it nei sechstich minuten noch 2-2 en moast overtime foar in beslissing soargje. Nei seis minuten skoarde Jasper Staats foar de thúsploech: 3-2 en it earste ferlies foar de Flyers.

(advertinsje)
(advertinsje)