Sven Kramer: "Sa min is it hielendal net"

27 des 2019 - 22:42

Nei syn twadde plak op de 5.000 meter by de NK ôfstannen is Sven Kramer tefreden. "Ik ha fjouwer of fiif wiken gjin 5.000 meter riden. De lêste wie ek al net sa dinderjend, dus ik bin der wol bliid mei."

It gefoel wie al goed. In wike lyn ried Kramer mei 3.37,39 al in baanrekôr op de 3.000 meter. "It hoecht gjin 3.37 te wêzen om der in goed gefoel oan oer te hâlden. Twa sekonden dreger hie it noch hieltyd foar in goed gefoel soarge."

Mar hy giet de goede kant op, dat fynt er sels ek. "En ek yn dizze rit sit noch potinsje en ferbettering. Want ik fûn 'm hielendal net sa flak: op in gegeven momint liet ik 'm oprinne nei 29,6 en 29,7. Dêr ferskyt ik mear as in sekonde op Roest. Foar de winst is dat spitich, mar op it momint kin ik der net echt wekker fan lizze."

Hjoed ryd ik myn sechsde tiid oait en ferline wike in baanrekôr, dus sa min is it hielendal net.

Sven Kramer

Nei de race die er it fingerke foar de mûle: "Der wurdt sa folle praat en suggerearre", seit er dêroer. "Oer myn steat en hoe't ik derfoar stean. It giet gewoan om de resultaten, net om alles dêrom hinne. Dat wurdt soms grutter makke as dat it yn werklikheid is. Ik sport gewoan omdat ik it hiel leuk fyn. Ik ha 15 jier hast alles wûn. Hjoed ryd ik myn sechsde tiid oait en ferline wike in baanrekôr, dus sa min is it hielendal net."

Bergsma benammen wiis mei WK-ticket

Jorrit Bergsma waard tredde op flinke ôfstân fan Kramer en Roest. Hy giet wol nei de WK ôfstannen. "Dat ticket is it wichtichste", seit er. "It leafst dochst mei om de nasjonale titel, mar dat siet der hjoed net yn. Dus ik bin wiis mei myn tredde plak en dat ik my pleats foar de WK ôfstannen."

It wie gjin geweldige rit, fûn Bergsma. "Deeglik. It wie mear wurkjen, ik moast derfoar fjochtsje. Dat wolst leaver net, want dan komst tekoart. Ik siet in pear kear te kloatsjen mei de wiksel. Doe liet ik 'm samar oprinne nei 30,0. Dan mist direkt de oansluting mei dy mannen."

Op snein stiet foar Bergsma noch de 10 kilometer op it programma. Dêrop moat er by de bêste twa einigje om him te pleatsen foar it WK. "Dat is dochs mear myn favorite ôfstân, dêr wol ik my pleatse. Dit wie diel ien, op de 10 kilometer hoopje ik dat it dan ek slagget." Mooglik krijt er der mei Sven Kramer wol in konkurrint by. "Hy is in 'geduchte' tsjinstanner. Ik moat derfoar soargje dat ik in goede rit delset. En as it net genôch is, dan binne der twa better."

(advertinsje)
(advertinsje)