Definityf gjin doarpshûs Feanwâlden: "Neat oars as lijen hân"

27 des 2019 - 22:02

Nei fjouwer jier komt der definityf in ein oan de ûntwikkeling fan it doarpshûs yn Feanwâlden. De stichting dy't him dermei dwaande hold, hâldt op. "Yn april wie it hast rûn, hiene we noch ien hanteken nedich. Mar fan maaie ôf ha we neat oars as lijen hân", fertelt Oege Hiddema fan it stichtingsbestjoer.

In earder ludyk protest foar it doarpshûs - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dat lijen wie net ûnderling. De problemen dy't de stichting hat binne mei de gemeente. "We binne ek in beswierskriftproseduere start. We wolle alles boppe tafel ha. It moat helder wêze hoe't dit ferrinne kind hat."

De ôfrûne wike hat de stichting it noch ien kear besocht. "We ha wat ferneamde Feanwâldsters ree fûn om dochs ris mei de gemeente te praten. As we in goedkeapere ynvestearring ha, soe der dan ek noch wat romte komme om it op de aginda te krijen?" Nee, wie de konklúzje. "Moandei hat dy groep in petear hân mei fjouwer fraksjes. Derút hat bliken dien dat der gjin draachflak is om it noch in kear op de aginda te krijen. Dat is it ein oefening. As de gemeente útfalt as ko-finansier, dan wol gjinien mear sponsorje of op in oare manier wat bydrage."

De sinteraasje komt dus net rûn. "Ivich skande", seit Hiddema. "Dit doarp hat noch noait in doarpshûs hân. We witte allegear dat it jild fan de gemeente op is. We ha as lêst noch besocht om it foar de gemeente in pear ton goedkeaper te krijen, mar dat is ek mislearre."

Oege Hiddema

(Advertinsje)
(Advertinsje)