Miljeustrjitte Ljouwert ferwolkommet 100.000ste besiker

27 des 2019 - 21:41

Der komme hieltyd mear minsken by de miljeustrjitte yn Ljouwert. De 100.000ste besiker is freed ferwolkomme. Ferline jier kamen der yn totaal 96.000 minsken en dat wie ek al mear as de jierren dêrfoar.

Foto: Omrin

Frou Hessels út Ljouwert wie de 100.000ste besiker. Se hat út hannen fan de manager fan Milieustraten Omrin, Gaston Waterval, in boskje blommen en in weardebon fan de Estafette-kringloopwinkel krigen.

Yn 2016 kamen goed 80.000 minsken by de miljeustrjitte oan de Greunsweg yn Ljouwert. No binne dat der dus al 100.000. De miljeustrjitte is der bliid mei, want it betsjut neffens harren in skjinnere en duorsumere wrâld.

Trefwurden: 
Ljouwert Milieustraat
(advertinsje)
(advertinsje)