Sulver op 5000 meter foar Kramer by comeback, Roest wint

Sven Kramer hat mei in sterke 5.000 meter sulver wûn op de NK ôfstannen. It wie syn earste race yn lange tiid, om't er der in skoft út wie mei in blessuere. Allinnich Patrick Roest wie rapper yn Thialf: 6.09,79 om 6.10,91. It tredde plak wie foar Jorrit Bergsma.
Sven Kramer © www.orange-pictures.nl
Lykas in wike lyn like Kramer net in soad lêst te hawwen fan 'e rêch. Syn race wie mei allegear rûntsjes yn de 29 sekonden moai flak en boppedat koe Kramer noch fersnelle nei 3.000 meter. It brocht him ta 6.10,91 en dêrmei wie hy hast trije sekonden rapper as de tiid dy't er ferline jier ried op de NK ôfstannen.
De rit fan Bergsma wie net sa flak as dy fan Kramer en boppedat hie de Boarnster net sa'n machtige fersnelling yn 'e hûs as Kramer. Dêrtroch moast Bergsma genôch nimme mei it tredde plak. Dat smyt him wol in ticket op foar it WK ôfstannen.
Roest ried lang in lytse sekonde ûnder de tiid fan Kramer. Yn de slotronden koe er sels noch fersnelle en kaam er noch ticht by it baanrekôr fan de Rus Danila Semerikov. Uteinlik wie syn 6.09,79 goed foar de fiifde tiid ea riden op Thialf.

Bart de Vries wint bruorrestriid

De prestaasje fan Bart de Vries wie noch wat oars dat opfoel. De jongere broer fan Bob de Vries ried hast fjouwer sekonden fan syn persoanlik rekôr ôf: 6.22,06. Dêrmei wûn er de bruorrestriid fan Bob, want dy kaam net fierder as 6.35,21.
Douwe de Vries ried yn de lêste rit tsjin Roest. Hy waard fiifde yn 6.18,62. Marwin Talsma einige noch krekt yn it 'linkerrychje'. Hy sette in tiid del fan 6.22,53.

Utslach 5.000 meter

1. Patrick Roest 6.09,79
2. Sven Kramer 6.10,91
3. Jorrit Bergsma 6.14,65
4. Marcel Bosker 6.17,51
5. Douwe de Vries 6.18,62
7. Bart de Vries 6.22,06 PR
8. Marwin Talsma 6.22,53
16. Bob de Vries 6.35,21