Ireen Wüst nei sulver: "Niet de race die ik wilde rijden"

27 des 2019 - 20:59

It doel foar Ireen Wüst op de 1.500 meter by de NK ôfstannen wie om in ticket foar it wrâldkampioenskip binnen te heljen. Dat is slagge, mar dêr is alles mei sein. "Het was niet de race die ik wilde rijden. Een slechte race eigenlijk."

Wüst waard twadde, mei fjouwer hûndertsten efterstân op Melissa Wijfje. "Ik zat er dichtbij, maar zij is de terechte winnares."

Der gong fan alles mis by de achtfâldich nasjonaal kampioene op dizze ôfstân: "Ik viel bij de start voorover, toen had ik een misslag. Daarna wilde ik ontspannen, maar ging ik te veel voorover en ging het ritme eruit." Se hat it oer swiere omstannichheden.

Wüst har grutte doel leit op it wrâldkampioenskip yn Salt Lake City, dat yn febrewaris holden wurdt. Dêr wol se in wrâldrekôr ride. "Dan moet je deze horde wel nemen, dus ik ben blij dat dat gelukt is."

Antoinette de Jong: allegear krekt net

Wa't net op de 1.500 meter meidocht op de WK ôfstannen, is Antoinette de Jong. Se waard fjirde. "It woe allegear krekt net", seit se. "Ik kaam der net lekker yn. De krusingen gongen wol goed, mar ik makke myn slaggen net ôf."

En dat wylst se just wol in protte fertrouwen hie, nei in goed trainingskamp yn Collalbo ûnder oare. "Mar wat yn de trainingen goed gong, sjoch ik no net werom. Dat is spitich, want ik ha my eins noait sa goed field."

(advertinsje)
(advertinsje)