FIDEO: Friezen kieze it sportmomint fan 2019

27 des 2019 - 20:28

Fryslân keas dit jier as moaiste sportmomint fan 2019 foar de wrâldtitel fan Suzanne Schulting. De shorttrackster waard wrâldkampioen yn Sofia. Yn it programma Sportmominten 2019 seagen we werom op de moaiste sportmominten fan it jier. Begjin desimber koe it publyk stimme en tegearre mei de faksjuery kaam dêr in top tsien út.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

In sportmomint dat gjin kâns makke op de titel wie de Swimalvestêdetocht mei Maarten van der Weijden. Hy is gjin Fries. "Maar daarom vind ik het wel fantastisch dat ik hier mag zijn", sei er. De Swimalvestêdetocht makke in soad los, ek by Van der Weijden sels. "Vanochtend nog was ik in Kimswerd bij een mevrouw die ontzettend geraakt werd door de tocht. Dat is zo mooi. Ik heb dit keer, nog veel meer dan vorig jaar, toen het een lijdensweg was, zo ontzettend veel genoten."

Maarten van der Weijden sjocht werom op syn meunstertocht:

Fierljepper Marrit van der Wal ferbruts dit jier twa kear it wrâldrekôr by de froulju. "Superbysûnder dat ik yn sa'n rige mei sportmominten stean mei. Dat ik hjir neist Maarten en Suzanne sitte mei, fyn ik hiel bysûnder."

Van der Wal is de earste frou oer de 18 meter. "De measte froulju springe net mei sa'n lange pols. Je moatte it probearje."

Marrit van der Wal:

Sytze Brouwer wurdt troch presintator Arjen de Boer 'de Joop Zoetemelk fan it skûtsjesilen' neamd. Hy wurdt faak twadde. "Zoetemelk? Tja, dêr hast wol gelyk oan."

Grou waard ferline jier wer earste, it skûtsje fan Sytze Brouwer, It Hearrenfean, waard twadde. Takom jier is syn broer Harmen skipper by Langwar. Hy sjocht fêst foarút op dy konkurrinsjestriid.

Sytze Brouwer:

Suzanne Schulting fertelt oer har mem, Hannie Schulting. Sy hat it swier ûnder de races fan har dochter: "Zij heeft zoveel stress, dat is bijna niet normaal."

Schulting waard dit jier wrâldkampioen en wie it ôfrûne seizoen ek wrâldkampioen. "Mensen verwachten wat van me en ik ook van mezelf. Ik had ook geen vrede gehad met een zilveren of bronzen medaille."

Suzanne Schulting oer har jier:

(advertinsje)
(advertinsje)