Grutte krystbeam op Skier hat gjin ballen, mar ôffal fan MSC Zoe

In grutte krystbeam op Skiermûntseach hat gjin ballen, mar tritich krukjes dy't fan kontenerskip MSC Zoe komme. Ek plestik boartersguod en skuon út de konteners hingje yn de beam.
© Waterzooi
De spesjale krystbeam is freed yn it sintrum fan it doarp delset en ûntstutsen yn oanwêzigens fan boargemaster Ineke van Gent en leden fan it team Waterzooi. De krystbeam is in tydlik oantinken oan de kontenerramp en in rop ta besinning. Dy oprop is om minder guod te keapjen, minder plestik te brûken en te kiezen foar duorsume materialen.

Waterzooi

Waterzooi is in projekt dat nei oanlieding fan de kontenerramp it bewustwêzen oer de gefolgen fan plestik ôffal foar it miljeu fergrutsje wol. Dat dogge se troch clean-ups en oare kreative uteringen te dwaan, sa as dizze spesjale krystbeam.
© Waterzooi
Noch hieltyd spielt guod of stikken dêrfan oan op it strân fan Skiermûntseach. Rykswettersteat tinkt dat der noch sa'n 8 ton ôffal yn see swalket.
De krukjeskrystbeam sil op âldjiersdei ôfbrutsen wurde yn ferbân mei brângefaar troch fjoerwurk.

De kontenerramp mei de MSC Zoe

Yn de nacht van 1 op 2 jannewaris dit jier ferlear it kontenerskip MSC Zoe 342 konteners, doe't it boppe de Waadeilannen fear. In part fan de lading spielde oan op de eilannen en it fêstelân fan Fryslân en Grinslân. De rest bedarre op de seeboaiem. Sjoch foar mear nijs oer de kontenerramp op ús dossierpagina.