Wüst en De Jong komme op 1500 meter net oan tiid Wijfje

27 des 2019 - 19:34

Ireen Wüst is krekt gjin Nederlânsk kampioen wurden op de 1.500 meter. Se wie fjouwer hûndertsten dreger as Melissa Wijfje, dy't 1.55,65 notearre. It brûns giet nei Joy Beune. De top trije giet nei it WK ôfstannen yn Salt Lake City. Antoinette de Jong falt dêrbûten.

Ireen Wüst:

De Jong waard nammentlik fjirde yn 1.56,16. Se ried yn de lêste rit tsjin Wüst, mar koe gjin poadiumplak bemachtigje. Pleatsing foar it wrâldkampioenskip allround hat De Jong noch wol altyd yn eigen hân. Dêrfoar moat se sneon in goeie 3.000 meter ride. Datselde jildt foar Wüst.

Antoinette de Jong:

Wijfje rydt ûnder coach Henk Hospes foar it Gewest Fryslân. It is har earste nasjonale titel.

Reina Anema moast genôch nimme mei it sânde plak yn 1.57,43. Twa jonge rydsters fan it Gewest Fryslân koene har ek sjen litte op dit NK. Sprintjunioarekampioen Femke Kok ried yn in tiid fan 1.59,81 nei it 14e plak. Myrthe de Boer wie mei har sântjin jier de jongste dielnimmer op dizze ôfstân en einige as tweintichste yn 2.02.97.

Utslach 1500 meter

1. Melissa Wijfje 1.55,65

2. Ireen Wüst 1.55,69

3. Joy Beune 1.55,78

4. Antoinette de Jong 1.56,16

5. Carlijn Achtereekte 1.56,60

7. Reina Anema 1.57,43

14. Femke Kok 1.59,81

20. Myrthe de Boer 2.02,97

(advertinsje)
(advertinsje)