Trije wenningynbraken yn Dronryp mei de krystdagen

27 des 2019 - 18:51

Yn Dronryp ha der mei de krystdagen trije ynbraken of west of ynbrekkers dy't besocht ha om in hûs binnen te kommen.

Foto: Shutterstock.com

Op syn minst twa fan dy trije ynbraken wiene op twadde krystdei. De earste oan It String en dy jûn ek oan It Stimlân. Ek oan de Hoyte Roucomastrjitte ha ynbrekkers in hûs besocht binnen te kommen. Dat is bard tusken tiisdeitemiddei en freedtemoarn.

De plysje freget tsjûgen om har te melden. Guon Rypsters tinke dat se op twadde krystdei twa jonge ynbrekkers sjoen ha. Se ha de plysje belle. Der is noch gjin nijs oer oanhâldingen.

Trefwurden: 
plysje Dronryp ynbraken
(advertinsje)
(advertinsje)