Jesper Hospes fiifde op 500 meter by NK ôfstannen: "In hiel moai priiske"

27 des 2019 - 18:48

Reedrider Jesper Hospes is freed fiifde wurden op de 500 meter by de NK ôfstannen. De Feanster notearre in tiid fan 35,12. De winst gie nei Dai Dai Ntab, dy't mei 34,37 folle rapper wie as de konkurrinsje. It is foar Ntab al de tredde kear dat er nasjonaal kampioen wurdt op de koartste sprintôfstân.

Jesper Hospes nei de 500 meter:

Mei syn fiifde plak mei Hospes yn prinsipe nei de wrâldbekerwedstriid yn Calgary, begjin febrewaris. "Ik stean hjir better en mear tefreden as foarich jier. Ik bin hjir seker bliid mei", sei de Feanster nei ôfrin.

Slach om de earm

Dochs doart er noch net folslein bliid te wêzen. Want earder is Hospes ris thúslitten troch de seleksjekommisje fan it reedrydbûn. "Ik hâld in hiele lytse slach om de earm, want ik bin twa jier op rige net stjoerd. Ik wit net wat se no út 'e hoed toverje. Mar fiifde folstiet neffens de regels. Ik gean der fanút dat it in hiel moai priiske is."

Twa kear die Hospes it better op de NK ôfstannen. Yn 2012 en 2014 waard er fjirde. Syn fiifde plak is wol better as bygelyks ôfrûne jier, doe't er njoggende waard.

Jesper Hospes - Foto: www.orange-pictures.nl

Utslach 500 meter

1. Dai Dai N'tab 34,37

2. Jan Smeekens 34.81

3. Kai Verbij 34,87

4. Hein Otterspeer 34,91

5. Jesper Hospes 35,12

(advertinsje)
(advertinsje)