Appie Wijma fan minimacamping is Grinslanner fan it Jier

27 des 2019 - 18:24

Appie Wijma fan De Grinzer Pein is yn in ferkiezing fan RTV Noord keazen ta Grinslanner fan it Jier 2019. Wijma is de oprjochter fan de minimacamping yn De Grinzer Pein. Hy krige hast 70 prosint fan de stimmen.

Appie Wijma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Op Wijma syn camping Polemonium koene húshâldens mei in minimaal ynkommen fan it simmer fergees op fakânsje. Sels it iten en drinken waard regele. By de camping krige Wijma ûnder oare in soad stipe út Fryslân.

It idee wie fjouwer tinten op in stik greide, mar der wie úteinlik folle mear belangstelling. Nei it simmerseizoen sei Wijma tsjin Omrop Fryslân al dat er de camping takom jier wer iepen dwaan wol foar minima.

Opfolger fan Pieter Smit

Wijma bleau by de ferkiezing fan RTV Noord Dennie Jager en Lois Abbingh foar. Hy is de opfolger fan Pieter Smit, de boargemaster fan Oldambt dy't earder dat jier stoarn wie.

Appie Wijma oer syn útferkiezing

Earder dit jier seach Omrop Fryslân op de minimacamping fan Appie Wijma:

(advertinsje)
(advertinsje)