Opposysje It Amelân wol ekstra riedsgearkomste oer útstel plannen jachthaven

De opposysje yn de gemeenteried fan It Amelân wol yn jannewaris in ekstra riedsgearkomste. De fraksjes fan Algemeen Belang Ameland (ABA), Ameland'82, VVD en CDA wolle opheldering oer jachthaven 't Leijegat om't de kwestje no op syn gat leit.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
By de riedsgearkomste fan earder yn desimber waard unanym stimd foar de werynrjochting fan de jachthaven en dêr is in miljoen euro foar beskikber steld. De werynrjochting is nedich omdat de haven bot ferâldere is.

'Pas op de plaats'

Fjouwer dagen nei it riedsbeslút kaam it kolleezje mei in parseberjocht wêryn't in 'pas op de plaats' oankundige waard wat de útfiering fan it werynrjochtingsplan oanbelanget. Wethâlder Theo Faber wol fierder mei de plannen as alle oare partijen der ek achter stean. De profesjonele charterfeart hie opmerkingen oer de werynrjochting fan de haven en de oanlisplakken.
Net allinnich de opposysje set fraachtekens by de situaasje. Fraksjefoarsitter Irma Marinus fan koälysjepartij PvdA seit dat it teloarstellend is dat de ried net kend is yn it kolleezjebeslút. Se snapt wol dat der foarearst noch gjin beslút oer de jachthaven makke is.

Kolleezje fan gjin kwea bewust

It Amelanner kolleezje is him fan gjin kwea bewust: "Het college ziet geen tegenstelling tussen de opdracht van de raad en de insteek om eerst bij de gebruikers van de jachthaven alle neuzen dezelfde kant op te krijgen. Zie dat maar als stap één in de uitvoering. De raad had bij de behandeling opgeroepen de uitvoering zorgvuldig aan te pakken", is de reaksje út Ballum.

AmelandEén stiet achter kolleezje

Koälysjegenoat AmelandEén stiet achter it kolleezje. Fraksjefoarsitter Siard Bonthuis: "Het raadsbesluit van afgelopen maandag was enkel een krediet voor de herontwikkeling en niet de invulling hiervan, die verantwoording ligt bij het college."
De partij waard troch ferskate partijen benadere dy't skeptysk wiene oer de tekening dy't yn de bylage by it riedsfoarstel siet. Bonthuis begrypt dat it kolleezje foar de útfiering fan de plannen it efkes rêstich oan docht. Sa kin elkenien tefreden wêze mei de takomstige werynrjochting fan de jachthaven, seit Bonthuis.
In ekstra riedsgearkomste is mooglik as minimaal in fiifde fan it oantal riedsleden skriftlik mei in opjefte fan redenen dêrom freget.