Ekspedysje nei it Rif foar frijwilligers kontenerramp

27 des 2019 - 18:07

Seehûnesintrum Pieterburen en ferskate oare partijen organisearje in ekspedysje nei it Rif, de sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach. Se dogge dat as oantinken oan de kontenerramp mei de MSC Zoe, begjin jannewaris in jier lyn.

Foto: Erik Sekuur / Zeehondencentrum Pieterburen

Njonken it seehûnesintrum dogge de organisaasjes Groningen Schoon Dankzij Mij, WadOp en keunstner Maria Koijck mei oan de ekspedysje. Se hâlde de tocht om omtinken te freegjen foar it feit dat de effekten fan de ramp noch hieltyd te sjen binne. De partijen biede de dei oan oan de frijwilligers dy't in jier lyn meiholpen ha mei it opromjen fan it ôffal.

Op 2 jannewaris takom jier sille se ek eventueel nij oanspield ôffal opromje. De middei bringe se in besite oan it seehûnesintrum. It ôffal dat se dy dei fine, bringe se dan nei in tentoanstelling dy't dêr ek is.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)