Gouden WK-medalje Suzanne Schulting is it Sportmomint fan 2019

27 des 2019 - 17:49

De wrâldtitel shorttrack fan Suzanne Schulting is keazen ta it Sportmomint fan 2019. Schulting behelle yn maart foar it earst de wrâldtitel. It wie har earste wrâldtitel, mar ek de earste kear dat in Nederlânske frou wrâldkampioen shorttrack waard.

Yn Sofia pakte Schulting op it WK it earste plak yn it allroundtoernoai troch de Superfinale te winnen. Se wûn op it WK ek goud op de 1.000 meter.

Nyck de Vries en Antoinette de Jong 2e en 3e

Yn de ferkiezing fan it Sportmomint bleau se Nyck de Vries en Antoinette de Jong foar. De ferkiezing wurdt organisearre troch Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant, Sport Fryslân en Provinsje Fryslân. Elkenien koe stimme op syn of har favorite sportmomint.

Suzanne Schulting wûn ferline jier ek de ferkiezing Sportmomint fan it jier. Doe mei har ferrassende gouden medalje op de Olympyske Spelen.

Suzanne Schulting wint goud op it WK:

Top tsien:

  1. Suzanne Schulting wrâldkampioen shorttrack;
  2. Nyck de Vries wint de Formule 2;
  3. Antoinette de Jong Europeesk kampioen Allround;
  4. Sherida Spitse en Loes Geurts helje de finale op it WK fuotbal foar froulju;
  5. Jorrit Bergsma pakt de wrâldtitel op de 10 kilometer;
  6. Sven Kramer wurdt Europeesk kampioen Allround;
  7. Marrit van der Wal ferbrekt foar de twadde kear it wrâldrekôr fierljeppen;
  8. Liesette Bruinsma pakt trije gouden medaljes op it WK para-swimmen;
  9. Arjan Stroetinga wurdt foar de sânde kear Nederlânsk kampioen maraton;
  10. Tristan Bangma wrâldkampioen paracycling.
Suzanne Schulting nei har gouden medalje op it WK - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)
(advertinsje)