SC Cambuur lit Nielsen gean

09 jul 2012 - 14:23
SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Sportklup Cambuur jout testspiler Anders Nielsen gjin kontrakt. De ferdediger trainde de ôfrûne wike mei by de Ljouwerters, mar is gjin direkte fersterking. 'Het is een goede speler, maar geen aanvulling op wat we momenteel al hebben', seit direkteur Gerald van den Belt. 'Het is wel een jongen om in de toekomst in de gaten de houden.'

Van den Belt ferwachtet dat Wout Droste gewoan by Cambuur bliuwt. VVV Venlo hat in ultimatum krigen om uterlik moandei akkoart te gean mei in fêststelde transfersom foar Droste.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)