Al trije jier gjin ynbraken oplost op Skylge, mar gjin soargen by boargemaster

27 des 2019 - 17:00

Op Skylge en It Amelân binne de lêste trije jier gjin wenningynbraken oplost. Dat docht bliken út sifers fan RTL Nieuws. Op Skylge soene der yn dy tiid fyftjin ynbraken west ha. Boargemaster Bert Wassink komt sels ta oare sifers. "Bij statistieken over woninginbraken zag ik dat het van 2015 tot en met 2018 in totaal om vijf inbraken ging."

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

RTL hat ûndersyk dien op basis fan de jierferslaggen fan de plysjekorpsen. Yn Nederlân binne der 30 gemeenten mei nul oploste saken.

Hakt der flink yn

Wassink wol de sifers beslist net bagatellisearje: "Woninginbraken hakken er flink in, dat heb ik ook wel eens van dichtbij meegemaakt. Mensen zijn daar zwaar van onder de indruk."

Hy wol wol witte hoe't it kin dat RTL oan oare sifers kaam as Wassink. Hy hat periodyk oerlis mei plysje en justysje. "De politie zegt dat er ook wel eens meldingen zijn, maar dat er daarna geen aangifte volgde. In die zin is het niet iets wat ons bezighield."

Neffens Wassink kinne bewenners fan it eilân wol wat skerper wêze. "Mensen voelen zich hier hartstikke veilig. Ze doen dan niet altijd de ramen en deuren goed op slot, dus je kunt hier vrij gemakkelijk naar binnen. Dat zou eigenlijk anders moeten."

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)