Bette Dam nei boek oer talibanlieder: "Afgaanske oerheid wol my swart meitsje"

27 des 2019 - 16:16

2019 wie in drok jier foar sjoernaliste Bette Dam fan Kollumersweach. Nei't se har boek oer talibanlieder Mullah Omar útbrocht, krige se in soad krityk út Afganistan. Foar har boek Op zoek naar de vijand socht sy nei mear ynformaasje oer de mysterieuze man. Foar Amearika, dat al sûnt 2001 syn troepen yn Afganistan hat, is Omar sûnt ein jierren 90 steatsfijân nûmer ien. De Fryske sjoernaliste ûntduts wat de Amearikanen nea fûn hawwe: it plak dêr't Omar sitten hat.

Bette Dam fertelt oer har ûntdekking: "Sy wiene yn de folle ferûnderstelling dat Mullah Omar de oarloch tsjin de Amerikanen en Nederlanners organisearre út de bergen yn Pakistan wei. Mar der wie ek neat bekend oer him. Der wie net in foto, wy hiene nea wer wat heard oer him. It boek giet oer watst eins kinst ast der echt nei op syk giest. Nei fiif jier haw ik konkludearre dat hy noait yn Pakistan west hat en dat hy it it grutste part fan de tiid op rinôfstân fan in Amerikaanske basis yn Afganistan wenne en dat hy dêr neat mei dien hat. Dat hy sa'n meunster wie, dat wie dus net werom te finen."

Wat minder nei de Amerikanen sjen

"In Amerikaanse auteur dy't in soad oer de CIA skriuwt, sei: dat is wol mooglik, om't wy gewoan in soarte tunnelfyzje hiene op Pakistan. Wy hawwe hiel bot socht, mar benammen yn Pakistan. Foar my wie dat ek sa. Ik wit noch goed dat ik op in momint tocht: hy is hielendal net flechte, hy sit hjir gewoan."

It boek fan Bette Dam - Foto: Bette Dam

It wie dat ynsjoch dat Dam foarút holp. "It is wol in wichtige les. Wy sjogge noch faak op nei de Amerikanen, fan: dy sille it wol witte. Dat mei wol wat minder. Asto mei in wapen op ien ôfstapst en do seist: ik wol witte wêr't dy en dy is, dan krijst net in soad. Mar ik koe gewoan frou wêze en de tiid nimme."

De stoarm is wer oer

De ûntdekking fan Omar soarge foar in soad publisiteit. Bette Dam mocht oanskowe yn tal fan grutte telefyzjeprogramma's. De Afgaanske presidint Ashraf Ghani wie net bliid mei de ûntdekking dat Mullah Omar yn Afganistan ûnderdûkt siet.

Bette Dam - Foto: Omrop Fryslân

"Der ûntstie in stoarm. It regear fan Afganistan wie lilk op my", fertelt Dam. "Ut it paleis wei is in parseberjocht makke, dêryn stie: wy hawwe it ûndersyk lêzen fan Bette Dam en tinke dat sy delusional is. En boppedat, de Afgaanske oerheid besocht my swart te meitsjen op harren eigen telefyzje. It is no desimber, ik soe tink ik no wol wer nei Kabul kinne. De grutte stoarm is wol oer, mar as ik krekt nei it stik derhinne gien wie, hie ik net feilich west."

Sjoernaliste Bette Dam, oarspronklik fan Kollumersweach

(advertinsje)
(advertinsje)