UPDATE: Slachboom Ofslútdyk stikken, mar ferkear kin wer ride

27 des 2019 - 17:12

It ferkear dat oer de Ofslútdyk moat, kin wer ride. De dyk is krekt nei 17.00 oere wer frijjûn. De Ofslútdyk wie freedtemiddei yn beide rjochtingen ticht. Dat komt trochdat automobilist in slachboom by Den Oever stikken riden hat. Neffens Rykswettersteat wie de automobilist troch read riden.

Foto: Nick den Boer

Nei in skoftke wie der in dykynspekteur by it plak fan it ûngelok om it ferkear wer ride te litten. It ferkear nei Noard-Hollân ta gong oer de reservebrêge en rjochting Fryslân oer de besteande brêge, nei't de auto burgen wie.

Ien rydbaan beskikber

Troch wurk oan de dyk wie der noch mar ien rydbaan besikber. Dêr moast it ferkear yn beide rjochtingen dus oerhinne. De oanriden slachboom hinget skean oer de dyk.

Omride troch Flevolân

By Den Oever stie ek in lange file yn beide rjochtingen. It ferkear waard omlaat troch Flevolân. Yn Fryslân wie der in omlieding ynsteld by De Jouwer en yn Noard-Hollân by Zaandam.

Trefwurden: 
A7 Ofslútdyk
(advertinsje)
(advertinsje)