Meardere ferwûnen by ûngelok by Eastermar

By in botsing op 'e Skûlenboargerwei by Eastermar binne freedtemiddei meardere persoanen ferwûne rekke. De helptsjinsten rieden massaal út, wêrûnder de brânwacht en trije ambulânses.
Meardere ferwûnen by ûngelok by Eastermar
Trije minsken binne behannele yn de ambulânse en twa wurde nei it sikehûs brocht. De plysje hie de dyk tydlik ôfsletten. Yntusken is de brêge wer iepen foar it ferkear.
Hoe't it ûngelok barre koe is noch net dúdlik.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena