Freedsmerk: wat wie 2019 eins foar jier?

27 des 2019 - 13:31

Wy steane op 'e drompel fan 2020. Wat it nije jier ús bringe sil is noch ûnwis, mar fan 2019 hawwe wy no wol in byld, Mei de fraach: "Wat wie dit eins foar jier?" seagen wy op de Ljouwerter freedsmerk. It die bliken dat it yn persoanlik opsicht in jier fan útersten wie. "It wie in bysûnder jier mei in soad boeiende ûnderfiningen! Ik mocht as trou-amtner moaie en oangripende seremoanjes dwaan!"

freedsmerk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ut meardere reaksjes die bliken dat minsken bliid wiene dat it mei de sûnens goed gie: "Dit wie foar my in bêst jier, want ik bin sûn!" De oare kant wie der wat dat oanbelanget ek: "In maart is mijn man overleden, dus dit is een heel verdrietig jaar. Ik kan nog wel genieten hoor, van de kinderen en de kleinkinderen bijvoorbeeld. Maar het is wel een jaar waarin eigenlijk alles voor mij veranderde".

In oare frou waard dit jier konfrontearre mei boarstkanker. "Het was een verschrikkelijk jaar. Ik ben blij dat het voorbij is. En voor de toekomst ben ik ook wel wat angstig, maar ik ga er voor!" Ek waard der, ûnbewust, in link lein mei de krysttaspraak fan de Kening. "Ik sjoch de oar yn de eagen as der wat west hat, en sis: 'It is oké'. Net om it sizzen, mar om't ik it mien!"

Ferslachjouwer René Koster frege wat foar jier 2019 eins wie

Trefwurden: 
freedsmerk 2019 jier
(advertinsje)
(advertinsje)