Omrop TIP: Sportmominten 2019

27 des 2019 - 16:47

Freed wurdt de top 10 bekendmakke mei de moaiste Fryske sportmominten, dêr't earder op stimd wurde koe. It publyk en in faksjuery hawwe útmakke wat it moaiste sportmomint fan 2019 is. Efkes lekker weromsjen op it sportjier, op alle hichtepunten en djiptepunten. It komt freed allegearre foarby yn it programma Sportmominten 2019. De útstjoering begjint om 17.15 oere en wurdt elts oere werhelle.

Fan de wrâldtitel fan Suzanne Schulting oant it wrâldrekôr fan Marrit van der Wal en fan al dy reedrydmedaljes oant de Alvestêdentocht fan Maarten van der Weijden. Te gast binne freed Suzanne Schulting (shorttrack), Marrit van der Wal (fierljeppen), Sytze Brouwer (skûtsjesilen) en Maarten van der Weijden (swimmen). Presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)