Sifers deadlike ferkearsslachtoffers bekend: benammen âlderein

27 des 2019 - 12:42

Oant no ta hawwe der yn 2019 op syn minst tweintich deadlike ferkearsslachtoffers west yn de provinsje, docht bliken út nije sifers fan de plysje. Fan de tweintich ferstoarne slachtoffers wiene der alve boppe de sechstich jier âld.

Foto: ANP

"Ieder verkeersslachtoffer is er één te veel, dat betreuren we. Dat er elf van de twintig slachtoffers 60+ was, is wel opvallend. Het is een kwetsbare groep", seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Neffens de plysje hawwe der dus yn 2019 oant 24 desimber 20 dealike ûngelokken west. Dat oantal kin noch oprinne om't de data fan sikehûzen noch net bekendmakke binne. It giet allinne om sifers dy't registrearre binne troch de plysje. De sikehûssifers wurde pas yn april troch it CBS bekendmakke.

De sifers

De moanne augustus hat de measte slachtoffers easke: fjouwer. Yn maaie en septimber hawwe der gjin dealike ûngelokken west. Fan de tweintich dealike slachtoffers wiene der 15 manlju en 5 froulju. By seis fan de dealike ûngelokken gie it om in iensidich ûngelok. Under de deaden binne seis automobilisten, fjouwer fytsers, trije motorriders, twa scooterriders, twa scootmobylriders, ien bromfytser, ien fuotgonger en ien passazjier yn in auto.

Der binne 2 deaden fallen tusken de 10-20 jier, fiif tusken de 20-30 jier, ien tusken de 40-50 jier, ien tusken de 50-60, trije tusken de 60-70, sân tusken de 70-80 en ien tusken de 80-90.

Yllúzje

"Ik denk dat het een illusie is dat we verkeersdoden helemaal kunnen voorkomen", seit deputearre Avine Fokkens. Sy is foarsitter fan Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân en deputearre fan ferkearssaken. "We hebben al behoorlijk geïnvesteerd in infrastructuur de afgelopen jaren. Dat blijven wij doen. Dan gaat het ook over betere fietssnelroutes en verkeerscampagnes. We praten over een pakket van 20 miljoen, naast wat het Rijk uit wil geven. Dus in die zin doen we al veel, maar we kunnen nooit helemaal voorkomen dat er verkeersdoden vallen."

Edukaasje, hanthavening en ynfrastruktuer

Dat betsjut neffens de deputearre net dat der neat bart. "Daar waar we zien dat er problemen zijn, kunnen we die aanpakken. Maar we hebben ook 5,5 miljoen uitgetrokken voor fietssnelroutes, zodat fietsers bijvoorbeeld sneller van Drachten naar Heerenveen kunnen komen, als voorbeeld. Onze verkeersspecialist van het ROF, geeft met name een drieslag aan: educatie, handhaving en infrastructuur. Als je op één van die punten een steek laat vallen, dan krijg je dat altijd terug. Daarnaast heeft de minister bekendgemaakt dat ze voor de komende tien jaar een half miljard uit wil trekken voor verkeersveiligheid."

Deputearre Avine Fokkens

Trefwurden: 
plysje ferkear deade
(advertinsje)
(advertinsje)