FIDEO: Wat binne 'Mührens Mooiste'?

De topskoarer fan de earste difyzje is SC Cambuur-spits Robert Mühren. Hy makke leafst fyftjin doelpunten en is ien fan de oarsaken dat de Ljouwerters it sa goed dogge. Sneon sjogge we yn it healjieroersjoch fan it Cambuur Sjoernaal werom op de earste seizoenshelte. Datselde dogge we mei Mühren. Wat wiene syn bêste goals? Wat binne 'Mührens Mooiste'?
FIDEO: Mührens Moaiste
De earste seizoenshelte is dien en SC Cambuur liket op wei nei it kampioenskip. It earste healjier hie in soad hichtepunten: de omhaal fan Mac-Intosch, de stift fan Oratmangoen en de doelpunterein fan Mühren. It Cambuur Sjoernaal healjieroersjoch lit alle hichtepunten fan de earste seizoenshelte sjen! Sneon 28 desimber is it te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje nei Fryslân Hjoed en It Waar. Fansels is it healjieroersjoch ek te besjen fia ynternet en de Omrop-app.