Winkelgebiet Easterwâlde moat mei-inoar oanpakt wurde

Undernimmers, Vereniging van Vastgoedeigenaren Winkelgebied Oosterwolde en de gemeente Eaststellingwerf wurkje mei-inoar oan in plan foar de takomst fan it winkelgebiet fan Easterwâlde. De partijen bondelje harren krêften om de regiofunksje fan it winkelgebiet te behâlden en te fersterkjen.
Easterwâlde © Google Street View
Ein ôfrûne jier ûntstie der ûndúdlikens oer de takomst fan it sintrum fan Easterwâlde om't der gjin folsleine fyzje wie. Ek de útwurking fan it bestimmingsplan foar it Oude Dorp soarge foar in dilemma om in kompakt sintrum hinne.
It proses om ta in einrapport te kommen is begelaat troch in advysburo. Yn it rapport stiet dat der eins trije winkelgebieten binne dy't inoar oanfolje, fan de nij te bouwen Lidl oant de Poiesz. De brêge oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart is it ferbiningspunt.