Yn 2020 gjin Mar-athon om Snits hinne fanwegen Slachtemarathon

27 des 2019 - 10:40

De Mar-athon om Snits hinne nimt in jier in sabbatical. De hurdrinwedstriid makket foar plak foar de Slachtemarathon, sa skriuwt it bestjoer. De Slachtemarathon wurdt mar ien kear yn de fjouwer jier organisearre.

Mar-athon Snits - Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje fan de Mar-athon fan Snits is tige wiis mei de maraton fan ôfrûne simmer. Se sjogge nei eigen sizzen werom op in evenemint mei entûsjaste dielnimmers, in grut publyk, ûnmisbere frijwilligers en helptsjinsten en prachtich simmerwaar. De organisaasje sil it kommende jier brûke om tariedingen te dwaan foar de sechde edysje fan de Mar-athon om Snits hinne yn de simmer fan 2021.

Slachtemarathon

De sechde edysje fan de Slachtemarathon fynt plak op sneon 13 juny. De kaartferkeap start op 18 jannewaris.

(advertinsje)
(advertinsje)