Troch heupblessuere moat Bianca Bakker reedrydseizoen ôfbrekke

It is de ein fan it seizoen foar Bianca Bakker fan Wynjewâld. Troch in blessuere oan de heup kin de reedrydster it seizoen net ôfmeitsje. It giet om in skuorke yn de saneamde 'labrum,' in knarsbienrântsje by de heup. Yn jannewaris sil sy operearre wurde, dêrnei moat sy moannen werstelle.
Bianca Bakker © Orange Pictures
Bakker is sels bot teloarsteld. Sy woe graach by in nij team in nije stap sette, mar sy kin no net sjen litte wat sy kin. Op dit stuit sit sy by Team Palet Vastgoedonderhoud.