Brânstofdieven oppakt

13 nov 2011 - 14:02
Foto: Omrop Fryslân

Op de grutte dyk by Frjentsjer hat de plysje sneon twa manlju út Roemenië oanhâlden, omdat se brânstof stellen hiene út in frachtauto. De sjauffeur fan de wein ûntduts dat der in auto njonken syn frachtauto stie. Ien fan de fertochten siet yn dy auto, de oare kaam achter de frachtwein wei.

Omdat de frachtautosjauffeur earder dy wike ek al brânstof kwytrekke wie, hie er fuortdaliks it gefoel dat de twa ek mei stellerij oan de gong wiene. Doe't de fertochten útnaaiden, gie er der achteroan en belle yntusken de plysje. Dy koe de Roemenen koart dêrnei oanhâlde en meinimme nei it buro.

Trefwurden: 
Frjentsjer brânstofdieven
(advertinsje)
(advertinsje)