Jubileum Slach om 'e Toer by Surhuzum: mear as 12.000 liter snert útdield

27 des 2019 - 09:02

Ut Surhuzum wei wurdt freed de 'Slach om 'e Toer' hâlden. Elts jier dogge der goed tûzen kuierders mei oan de tocht. Dit jier is de tsiende edysje, in jubileum dus. "Us tocht stiet bekend om de oaljekoeken en snert. Yn de ôfrûne njoggen jier hawwe der sa'n 6.300 minsken meidien. Yn ien liter snert sitte sa'n trije oant fjouwer kopkes snert, dus yn de rin fan de jierren is der wol 12.000 oant 14.000 liter snert trochhinne gien," seit Nynke Kloosterman, ien fan de oprjochters fan de tocht.

"It begûn oait mei 400 oant 500 minsken," fertelt se. "Wy hawwe ek wolris 300-400 minsken hân, mar doe wie it echt hiel min waar. Mar de ôfrûne jierren al faak oer de 1.000." Dêr moat genôch snert foar makke wurde. "Der is no 300 liter snert, dus der wurde no ek wol 1.000 minsken ferwachte."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek en Nynke Kloosterman, ien fan de oprjochters

Kuiertocht 'Slach om 'e Toer' yn Surhuzum - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Der binne trije ôfstannen by de kuier: 10, 20 en 30 kilometer. De kuierders dy't de langste ôfstân rinne, binne foar acht oere moarns al úteinset. De start is by MFC De Delfeart yn Surhuzum. De kuierders stekke ek de grins oer om yn it Grinzer Westerkwartier in stik te rinnen.

Nei Trimunt

"It is in echte winterkuiertocht, mei fan alles der op en der oan. Fan Surhuzum nei Surhústerfean, in stikje fan 'e Kompenije en dan yn de rjochting fan Trimunt," fertelt Pieter Loonstra fan de organisaasje. De tocht rint oer gewoane diken, mar ek oer âlde paden en rûtes dy't oars ticht binne foar it publyk. De tocht einiget wer yn De Delfeart oan de Bartemerwei.

"Op fiif plakken steane minsken fan ús op de rûte. Yn in gebou fan Steatsboskbehear komt alles wer byinoar, dêr binne oaljekoeken en sûkelarjemolke," seit Loonstra.

Pieter Loonstra fan de organisaasje fan Slach om 'e Toer

(advertinsje)
(advertinsje)