Kollum: "De klimaks fan jannewaris"

"Ik fyn it noflik dat de krystdagen wer foarby binne en it hast 2020 is! Mar it begjin fan it nije jier kin bêst wolris knalle, ek al hat it âld en nij west. Want op 12 jannewaris is der in konjunksje fan de planeten Pluto en Saturnus yn it teken stienbok. In konjunksje betsjut dat de planeten by inoar steane en ynfloed hawwe op inoar.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Saturnus en stienbok steane symboal foar ferantwurdlikens, ambysje, regels en struktuer én dy yn stân hâlde wolle. It binne hurde wurkers dy't op harren doel ôf gean en net fersaakje, ek al fielt it miskien net goed mear. Pluto dêrfoaroer, giet foarby it ego en de struktuer. Pluto is de waakhûn fan dyn hegere sels en as de foarm en struktuer dy'tst wend bist dêr net mear by passe, dan jaget er planút alles en eltsenien fuort en as er bite moat dan byt er hurd!
Dit proses is geandewei 2019 begûn mar komt ta in klimaks yn jannewaris. Dus stel datst fan 't jier heftige dingen meimakke hast, dy'tst eins net rjocht in plak jaan koest en dy't dyn libben folslein op 'e kop setten hawwe, dan soe dat hiel goed komme kinne troch Pluto. Mar it moaie fan Saturnus is dat dy wol wer foarm jaan kin oan alle feroaringen sa't alles úteinlik wer teplak falt. En miskien begrypst dan ek wêrom't bepaalde dingen dy oerkommen binne.
Miskien hast al in moai skoft op de automatyske piloat libbe wylst dêr, earlik sein, net mear lokkich mei wiest. Foar de bûtenwrâld alles moai op streken, hat dyn hegere sels al field dat in bepaalde struktuer net mear by dy past. Mar in ein meitsje oan bygelyks in relaasje, freonskip of karriêre is faak net eat datst samar efkes dochst en it ego kin ús yn sokke gefallen lang foar de gek hâlde.
Wêr't it de taak fan Saturnus is om dat ego yn stân te hâlden, hat Pluto dêr neat mei. Dy beide krêften kinne dus hiel heftich útwurkje mar it hoecht net perfoarst. Sa'n proses is foar nimmen gelyk, dochs is it wol eat dat him yn 'e hiele wrâld ôfspilet. Oft it no giet om persoanlike tema's, de polityk of maatskiplike struktueren: alles wat net mear in heger doel tsjinnet, kin yn inoar klappe om dêrnei wer stadichoan in nije foarm te finen.
Protesten fan de boeren, yn de soarch en it ûnderwiis, in soad minsken binne net mear tefreden mei de hjoeddeiske gong fan saken en binne ta oan in rjochtfeardiger belied. We wolle in skjinner miljeu, in better libben foar ús bisten en regearingslieders falle troch de koer. In hiele soad dingen dy't we earder akseptearren wylst we it der eins net mei iens wiene, sille plak meitsje foar nije struktueren dy't better passe by de minsken sa't wy dy no binne.
De tiid dat we domwei nei de dokters, masters, dûmnys of ministers harken is foarby! Generaasjes foar ús hawwe libbe sa't in oar sei dat it moast en doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Net lulle mar poetse en wa't net om lyk woe, gie nei de hel. Mar dy hel bestiet net, dy kreëarje we neffens my sels. En wat dat oanbelanget is it wol moai dat Pluto ús yn 'e kont byt as we sels gjin stappen doare te setten, ek al docht it ferrekte sear.
Dus kom mar op 2020! Ik hoopje wol dat Pluto noch wat snie meinimt en Saturnus de froast. As we dan dochs transformearje moatte, dan it leafst op redens. Mei waarme poeiermolke yn de iene hân en in stik beferzen koeke yn 'e oare. Lokkich nijjier!"