Fries Museum hat kwotum foar oankeap en presintaasje froulike keunstners

27 des 2019 - 13:11

It Fries Museum is ien fan de trije Nederlânske musea dy't in kwotum hantearje foar de oankeap en presintaasje fan wurk fan froulike keunstners. Dat docht bliken út in ûndersyk fan De Volkskrant ûnder 28 Nederlânske musea. It giet by it Fries Museum om de kolleksje moderne keunst. De oare twa musea binne Museum Arnhem en it Van Abbemuseum yn Eindhoven.

It Saailân mei it Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De lêste jierren dogge hieltyd mear musea der wat oan om de disbalâns tusken manlju en froulju yn museumkolleksjes fuort te heljen. Musea besykje nije perspektiven sjen te litten, lykas dy fan minderheidsgroepen. Ut it ûndersyk fan De Volkskrant docht bliken dat gemiddeld mar sa'n 17 persint fan de kolleksjestikken yn de Nederlânske musea makke is troch in frou. Dêrby giet it net om de histoaryske objekten, want yn it ferline wie it foar froulju dreger om keunstner te wurden.

Direkteur Callens priizget konservator

De direkteur fan it Fries Museum, Kris Callens, leit út hoe't it krekt sit: "Wij hebben besloten om voor onze aankopen hedendaagse kunst de balans tussen vrouwelijke en mannelijke kunstenaars te herstellen. Er ook gewoon hele goede kunst wordt gemaakt door vrouwen, maar soms blijven ze meer buiten beeld en worden ze niet aangeschaft. Daar brengen wij verandering in."

In kwotum klinkt miskien wat frjemd, mar neffens Callens stiet ek de keunst sels gewoan foarop. "De kwaliteit staat voorop en we hebben ook geen hard quotum dat wij afvinken aan het einde van het jaar. Maar het is duidelijk dat er veel waardevolle kunst is waarvoor we eerder blind waren en die nu wel in onze tentoonstellingen komen. Een mooi voorbeeld is het werk van Kinke Kooi, die veel geliefder was in de Verenigde Staten, maar die wij nu ook hebben gekocht en te zien is onze tentoonstelling vanaf 15 januari."

Ferkearde ferwachtingen

En hoe komt soks? "Het heeft misschien wel te maken met de klassieke verwachting dat de kunstenaar als getergde ziel een man is. Maar gelukkig toont onderzoek ook aan dat dat al heel lang niet meer zo is. Het is in ons geval ook zeker de verdienste van onze conservator Hanne Hagenaars dat zij die balans volledig herstelt," seit Callens.

Der sit neffens him wol in ferskil tusken âlde en nije keunst. "In de oude kunst zijn de mannen zeker in de meerderheid. Daar is het wat kunst betreft lastig omdat er niet zo heel veel werk van vrouwen bewaard is, terwijl het er misschien wel is geweest. Maar in onze oude collectie zit bijvoorbeeld ook veel textiel dat door vrouwen gemaakt is. Niet altijd, want breiwerk is in de zeventiende eeuw ook veelal door mannen gemaakt."

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

Trefwurden: 
Fries Museum froulju kwotum
(advertinsje)
(advertinsje)