Tallship Statsraad nei Harns

09 jul 2012 - 13:50

Harns makket him op foar de komst fan ien fan de grutste en moaiste tallships. It giet om de hûndert meter lange Noarske trijemêster Statsraad Lehmkuhl út Bergen. It snelle skip út 1914 hat al meardere kearen de Tall Ships Race wûn.

By Harlingen Sail yn 2014 is it ien fan de gruttere skippen. Mar De Stadsraad is oer twa wike ék al yn Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)