Duizend Dagen: #4 Bestimming Enschede

26 mrt 2020 - 17:30

Wy binne ûnderweis nei Enschede, nei de Syryske famylje dy't fan 1992 oant en mei 1994 yn de menistetsjerke fan De Rottefalle wenne. Mar fine wy dêr wol de antwurden dy't wy sykje? Oan de hân fan antropolooch Jan Schukkink ferdjipje wy ús yn de Syrysk-Ortodokse mienskip, dy't sa grut wurden is yn Twinte. Sa leare wy Meryam Sumer kennen, bestjoerslid fan ien fan de Syrysk-Ortodokse tsjerken yn Enschede. Wy steane fersteld as bliken docht, dat har persoanlike ferhaal soms lykop giet mei it ferhaal fan De Rottefalle.

Sjoernalisten Wieberen Elverdink (Leeuwarder Courant), Diane Romashuk (Friesch Dagblad) en Karen Bies (Omrop Fryslân) makken DUIZEND DAGEN, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle.

De podcast Duizend Dagen is te beharkjen op Spotify, Apple Podcasts en Google Podcasts.

It is in projekt fan Finster op Fryslân, makke mei stipe fan de provinsje Fryslân. Byld: Jentsje Popma.

(advertinsje)
(advertinsje)