Van der Meer syn boadskip nei syn iepenhertoperaasje: "Kom foar dysels op"

27 des 2019 - 06:53

Hy is wer sa fit as in 'hoentje'. De 86-jierrige Klaas van der Meer fan Menaam. Van der Meer moast dit jier in iepenhertoperaasje ûndergean. Omrop Fryslân folge him en de medisy yn it trajekt nei de operaasje ta en ek de operaasjes sels waard troch ús registrearre. Foar Van der Meer wie it de kâns op in langer libben. Hy fielde him net min, mar syn hertklep wie yn sa'n minne steat dat hy sa't hy it sels seit samar 'deafalle' koe.

De operaasje ferrûn neffens plan. Der wiene gjin komplikaasjes. Van der Meer sels makke him yn it foar eins ek hielendal gjin soargen. Syn frou Baukje hie it der dreger mei. Se wie dochs benaud dat it misgean koe en doe't se de bylden fan de operaasje letter seach, fûn se it wer spannend.

Op dit stuit binne de Van der Meers wer wakker aktyf. De refalidaasje hat wol efkes duorre, en gie stadichoan better. No kin Klaas van der Meer wer in hiel soad gewoan wer dwaan. De treppen fljocht hy sa wer op. Fytse docht it pear ek en yn de tún wurkje is foar Klaas ek wer goed te dwaan. It giet neffens frou Baukje allegearre wol wat stadiger mar dat binne de jierren, sizze se. Dat Van der Meer gjin hiele einen mear rinne kin leit yn alle gefallen net oan it hert. De fuotten wurde minder dat hâldt him tsjin.

20 jier bykocht

De dokters hawwe tsjin Van der Meer sein dat der troch de nije hertklep 20 jier bykomme kin. Foar Van der Meer is dat in moai idee. Dat hy yn dizze tiid libbet is in grut guod. Syn heit hie deselde kwaal. Dy stoar mei 60 jier omdat doe gjin mooglikheden wiene foar soksoarte kwalen. "As ik yn dy tiid libbe hie, dan hie ik al it hoekje om west."

Boadskip: kom op foar dysels

Van der Meer wie eins te âld foar de iepenhertoperaasje. De grins leit op 84 jier en Van der Meer wie al 85. Dochs hat hy it foar inoar krigen. Neffens him is de operaasje der kaam omdat hy it hiel graach woe en dêr ek echt om frege hat. Minsken dy't der net om freegje krije it dan net foar inoar. Van der Meer hat dan ek in boadskip foar eltsenien dy't wat wol: kom foar dysels op, dan kin der mear as datst tinkst.

(advertinsje)
(advertinsje)