Bromtoanen: in ûngrypber en ûnbekend probleem dat hieltyd grutter wurdt

27 des 2019 - 06:46

Friezen dy't in bromtoan hearre hawwe hjir in soad hinder fan, mar melde it selden by gemeente of de omjouwingstsjinst. Dat is ien fan de konklúzjes fan it ûndersyk dat Omrop Fryslân, yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS, dien hat. Mar wylst it leechfrekwint lûd hieltyd faker foarkomt witte minsken der noch net genôch oer, melde sy it net en wurdt de oarsaak efter de toan hast net fûn.

Wat is in bromtoan?

In bromtoan, of ek wol leechfrekwint lûd, is lûd datst hast net hearst om't it in frekwinsje hat ûnder de 100 Hertz. Gewoane lûden lizze tusken 125 en 8.000 Hertz. It leechfrekwinte lûd kin tige aaklik foar minsken wêze en wurdt omskreaun as in konstant, dreunend lûd. It is krekt as draait der in frachtwein stasjonêr, of stiet der earne in aggregaat oan.

It lûd kin komme troch bygelyks de wyn, mar ek troch pompen, motoaren of aggregaten. Dochs is de boarne fan it lûd faak dreech te finen, om't dizze frekwinsje fan lûd net hindere wurdt troch bygelyks in muorre fan in hûs of isolaasje. Dêrom kin de boarne samar tsien kilometer fierderop wêze.

Sybren de Boer - Foto: Omrop Fryslân

1,3 miljoen minsken lêst fan bromtoanen

Dirk van der Plas, foarsitter Stichting Laagfrequent Geluid, fertelt dat de stichting op dit stuit trije kear sa folle meldingen krijt as tsien jier lyn. "We krijgen zo'n 650 meldingen per jaar. Maar wij denken dat ook dit het topje van de ijsberg is." It RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) hat ferline jier foar de earste kear ûndersyk dien nei it lûd en dêrút die bliken dat 1,3 miljoen minsken klachten hawwe.

Neffens Irene van Kamp fan it RIVM kin it meardere oarsaken hawwe dat minsken hieltyd mear bromtoanen hearre. "We willen meer duurzame energie, dat zorgt bijvoorbeeld dat warmtepompen steeds meer in trek zijn en dat is een bron van laagfrequent geluid."

Oare ûntwikkelingen as stillere weidekken en bettere isolaasje kinne neffens har ek in rol spylje. isolearre automotoren, lûdskermen en spesjaal asfalt op in sneldyk nimme de hege frekwinsjes fuort, mar de legere toanen binne dêrtroch better te hearren.

"Ik kon er niet meer mee omgaan. Het is verschrikkelijk."

Minsken dy't dit lûd hearre kinne der in soad lêst fan hawwe. Dat docht wol bliken út de enkête fan Omrop Fryslân. Mear as 200 Friezen hawwe hjir op reagearre en it grutste part hjirfan heart alle dagen in bromtoan. Mear as in tredde fan harren heart it lûd al inkelde jierren en hast 30 persint heart it al mear as 5 jier. Sawat de helte dêrfan (98) jout it sifer 8 of heger foar de hinder dy't se ha fan de bromtoan.

Ien fan harren is Sybren de Boer út Tsjom. Hy hat altyd al gefoelich west foar lûd, mar sûnt twa jier heart hy bromtoanen. Earst wenne hy yn Berltsum en is yntusken ferhuze nei Tsjom dêr't hy folle minder lêst hat fan it lûd. Utsein yn de ôfrûne simmerfakânsje. Doe koe hy der net mear fan sliepe. "Het zo erg dat ik dacht: als het zo moet hoeft het leven van mij niet meer. Ik kon er niet meer mee omgaan. Het is verschrikkelijk."

Hoewol de toanen faker foarkomme en minsken der lêst fan hawwe, kin de oarsaak yn in soad gefallen net fêststeld wurde. 60 persint fan de minsken dy't reagearre hawwe op de enkête witte net wêr't it lûd wei komt. Dejingen dy't wol tinke te witten wêr't it lûd weikomt neame úteinrinnende oarsaken (as pompen, ynstallaasjes, gas of sâltwinning etc).

Ik tink dat wy by 80 of 90 persint fan de gefallen de boarne net fine.

Lûd- en ljochtadviseur FUMO, Gerard Hooiring
Foto: Omrop Fryslân

De oarsaak wurdt selden fûn

Om dizze oarsaak fêststelle te kinnen wurdt de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) ynskeakele. Earst litte se de minsken in fragelist ynfolje, in toangenerator testen dwaan en dêrnei geane se nei de lokaasje mei mjitapparatuer. "Dat bart op twa wizen. Wy ha in hânmjitter en in mjitter dy't in pear wiken yn hûs stiet. Mei de earste kinne wy daalks sjen oft der in bromtoan is, mei de oare kinne wy bygelyks bepale op hokker mominten it te hearren is", leit lûd- en ljochtadviseur Gerard Hooiring út.

Spitigernôch komt selden foar dat de FUMO de oarsaak fan it lûd fynt. Hooiring: "Ik tink dat wy by 80 of 90 persint fan de gefallen de boarne net fine. Dit komt om't de lûdsweagen fan in bromtoan dwers troch huzen, gevels en bygelyks isolaasje giet. Dat betsjut dat de boarne wol kilometers fierderop wêze kin."

Gjin toanen te mjitten

Omrop Fryslân hat tegearre mei Hooiring fan de FUMO by Sybren del west om it lûd te mjitten. Sybren tinkt dat de bromtoan miskien fan de gemalen komt, want as it wetter heech is dan is it lûd slimmer. Dochs koe de FUMO neat mjitte by Sybren thús.

Neffens Dirk van der Plas, komt dit faker foar. "Wij vermoeden dat dit door verschillende dingen kan komen. Sybren kan een elektromagnetisch veld horen, dit is niet te meten. Ook de bromtonen die komen van de gasindustrie zijn niet goed te meten. Maar er is ook een kans dat het een soort van laagfrequente tinnitus is. Dus dat het geluid in Sybren zijn hoofd zit. Hier zijn we alleen erg voorzichtig mee."

Mar it soe ek oan de mjitmetoade lizze kinne. Neffens lûdsdeskundige fan de gemeente Veendam, Jan van Muilwijk, mjitte in soad gemeenten en omjouwingstsjinsten net goed. "Je moet eerst bij de persoon heel precies onderzoeken van welke frequentie een persoon last heeft. Pas als je dat weet kun je heel gericht metingen doen.

Foto: Omrop Fryslân

We zouden graag weer een huis willen kopen, maar omdat de last nu een stuk minder is durf ik dit niet aan om ergens anders te wonen.

Sybren de Boer

It dreechste fan Sybren syn situaasje is dat hy gjin help krije kin. Syn frou heart it net en de dokter seit dat it tinnitus is. Hy hat gjin kar as it te akseptearjen. Aldergeloks hat hy der wol minder lêst fan as yn de simmer, mar it hat syn libben wol yn 'e besnijing. "We zouden graag weer een huis willen kopen, maar omdat de last nu een stuk minder is durf ik dit niet aan om ergens anders te wonen."

En no?

Van der Plas hat op dit stuit folle mear fragen as antwurden oer it leechfrekwinte lûd, mar hy fynt dat der mear ûndersyk en foarljochting foar komme moat. Húsdokters soene mear op de hichte wêze moatte fan wat bromtoanen krekt binne. En om in echt goed byld te krijen fan it probleem soe meldingen dwaan fan in bromtoan makliker wêze moatte. Ut de enkête fan Omrop Fryslân docht bliken dat mar 20 persint fan de respondinten it lûd ek trochjûn hat by de gemeente of de omjouwingstsjinst.

Utkomsten bromtoane-ûndersyk Omrop Fryslân

  • Der binne 204 meldingen binnen kaam
  • De trochsneed leeftiid fan de melders is 54 jier
  • Ljouwert is de gemeente dêr't de measte meldingen wei komme
  • Mear as in tredde heart it lûd al inkelde jierren en hast 30 persint heart it al mear as 5 jier
  • Hast twa tredde heart it lûd alle dagen
  • Sawat de helte dêrfan (98) jout it sifer 8 of heger foar de hinder dy't se ha fan de bromtoan
  • 60 persint fan de melders wit net wêr't it lûd weikomt
  • Dejingen dy't tinke te witten wêr't it lûd weikomt neame útienrinnende oarsaken (as pompen, ynstallaasjes, gas of sâltwinning etc.)
  • Mar 20 persint fan de meldingen binne ek trochjûn by de gemeente of de omjouwingstsjinst
(advertinsje)
(advertinsje)