Davos bliuwt nedich foar astmapasjinten lykas Sanne

27 des 2019 - 06:12

By it Switserske Davos tinke de measte Nederlanners oan in prachtich fakânsje-adres, mar foar de 22-jierrige Sanne Menger út Balk is de reis bittere needsaak. Yn de stêd sit it Nederlânske Astmasintrum, dêr't swiere astmapasjinten oansterkje kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Sanne hat no trije kear yn Davos west en soe der yn jannewaris foar de fjirde kear nei ta, oant sy begjin dizze moanne te hearren krige dat de reis net mear fergoede waard troch har soarchfersekering. De Balkster hat ien fan de swierste foarmen fan astma, en hie de behanneling yn Switserlân bot nedich. Op dit stuit kin se kwa sport eins neat: "Ik moat bliid wêze as ik sa no en dan kuierje kin."

De foarige kear dat se nei it Alpelân gie murk se fuortendaliks resultaat: "Ik koe doe in soad sporte, ik hie myn kondysje dêr sa bot opboud, dat ik fiif dagen yn de wike sporte koe. No is dat sa bot nei ûnderen gien, dat ik neat mear kin."

De medisinen fan Sanne - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Petysje

Mei lotgenoaten begûn se in petysje en beluts se de lanlike polityk derby, en mei sukses: dizze wike hearde se dat se dochs nei Switserlân ôfreizgje mei. "Op 20 jannewaris stap ik op it fleantúch, en mei ik wer trije moanne refalidearje."

Dit klinkt miskien as in betelle fakânsje, mar dat is it neffens Sanne absolút net: "Do sitst dêr sûnder famylje, sûnder freonen, en kinst net wurkje of nei skoalle." Se hat it sels dan ek wol dreech hân op har foarige reizen. "Mar ast better wurdst dan witst wêr'tst it foar dochst."

Trefwurden: 
Balk astma Davos
(advertinsje)
(advertinsje)